Frou ferlit foartún eks-man yn Jobbegea en mei gjin kontakt mear mei him ha

31 des 2019 - 16:36

De frou dy't sûnt earste krystdei yn de foartún fan har eks-man yn Jobbegea kampearre, is der fannemoarn fuortgien. Dat wie ek de útspraak fan de rjochtbankpresidint fan Zutphen moandei sein by it koart pleit dat de man tsjin syn eks-frou oanspande.

De man easke dat de frou sa gau mooglik fuortgie en frege dêrnjonken ek om in strjit- en doarpsferbod, om't hy him troch har yntimidearre fielt. It strjitferbod waard tawiisd, mar it doarpsferbod gie de rjochter te fier.

Neist it strjitferbod yn Jobbegea mei de frou ek net yn de buert fan it appartemint fan har eks-man yn Ljouwert komme. Fierder mei se gjin kontakt mear mei him opnimme. Boppedat mei se gjin foto's en berjochten oer har eks op social media pleatse. Docht de frou dat wol, dan kostet dat har 250 euro per dei, mei in maksimum fan 5.000 euro.

In fjoerke bringt Linda Holtman de nedige waarmte - Foto: Omrop Fryslân

De rjochter sei dat er in ein meitsje woe oan de kampearaksje 'om mooglike eskalaasje' yn de slepende skiedingssaak foar te kommen. De rjochter ferdjippe him ek yn de motiven fan Linda Holtman. Hy joech de man dêrom yn oerwaging om de frou fêst in foarskot te jaan út de mienskiplike besittingen. It giet om in grut wenhûs yn Jobbegea mei efterlizzende maneezje en greide. De rjochtsaak oer de boelskieding rint noch. De útspraak dêroer wurdt takom jier ferwachte.

In nije start

Linda Holtman, de frou yn kwestje, seit dat se in swalkjend bestean liedt sûnt sy en har man twa jier lyn útinoar giene. Se soe gjin nije start meitsje kinne om't har jild yn it hûs sit en yn de leechsteande maneezje dêr efter.

Goed gefoel

Linda Holtman hat neffens eigen sizzen dochs in goed gefoel oerholden oan har kampearaksje, om't se dêrtroch de kâns krigen hat om omtinken te freegjen foar de húsfestingsproblemen fan minsken dy't troch in slepende skieding gjin nije start meitsje kinne. Sy hat in soad reaksjes krigen op har aksje. De definitive útspraak fan de rjochtbank komt op âldjiersdei.

(advertinsje)
(advertinsje)