Sportcast: "Femke Kok wurdt de Heiden fan it frouljusreedriden"

30 des 2019 - 16:31

De fuotbalklups hawwe winterskoft en dus hawwe wy de tiid foar in oare sport, reedriden. Dit wykein waard it NK Ofstannen ferriden op It Hearrenfean. Tegearre mei ús gasten Letitia de Jong, Douwe de Vries en Henk Hospes analisearret Andor Faber it toernoai. Roelof de Vries fersoarget de presintaasje.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Henk Hospes, coach fan Gewest Fryslân, is tige optein oer de prestaasjes fan syn ploech op it NK. Dochs is der ien resultaat dat der foar Hospes útsprong: "De winst fan Melissa Wijfje op de 1.500 meter wie echt it hichtepunt." Letitia de Jong pleatste har op de 500 meter en de 1.000 meter foar it WK Ofstannen en it WK Sprint nei twa kear in twadde plak. De Jong is dêr tige wiis mei: "It is spitich dat ik gjin titels pakt haw, mar dat is net it oerhearskjende gefoel. Ik bin bliid mei myn eigen prestaasjes en de tickets dy't ik fertsjinne ha."

Djiptepunt Douwe de Vries

Douwe de Vries hie in min NK: "Myn djiptepunt fan dit wykein wie Douwe de Vries", antwurdet de reedrider op in fraach fan presintator Roelof de Vries. "Ik haw gewoan in min wykein hân. Yn it foar hie ik in longûntstekking en dêrtroch wie de tarieding al min." Douwe de Vries tinkt net dat der no noch yn oanmerking komt foar it oanwiisplak foar it EK: "Ik tink net dat ik útkeazen wurd foar it EK."

Wannear hâldt Kramer no ris op?

Yn de media freegje in soad minsken harren ôf wannear't Sven Kramer no ris ophâldt mei reedriden. Kramer sels is dêr net wiis mei en ek Henk Hospes is poer: "It is in stik nijsgjirriger om te freegjen 'wannear silst Roest ris ferslaan?" Douwe de Vries is al 37 en nei de reaksje fan Hospes doart Roelof de Vries it hast net mear te freegjen, mar hoe lang giet er noch troch? Douwe de Vries: "As ik safolle jild as Kramer krije soe, dan soe ik noch wol efkes trochgean."

De Heiden fan it frouljusreedriden

Femke Kok pakte in ferrassend poadiumplak op de 500 meter, dêrmei pleatste se har foar it WK Ofstannen yn Salt Lake City en de folgjende World Cup yn Calgary, mar oft se oan beide toernoaien meidocht is mar de fraach, want se mei ek noch meidwaan oan it WK foar junioaren. Henk Hospes: "Sa't it no stiet, giet se sawiesa nei Calgary, mar net nei it WK Ofstannen. Ik soe har advisearje om yn elts gefal oan it WK Junioaren mei te dwaan. Se is goed op alle ôfstannen, Femke Kok wurdt de Heiden fan it frouljusreedriden."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast jo eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar. Alle Sportcasts beharkje? Klik hjir.

(advertinsje)
(advertinsje)