Dochst mei oan in nijjiersdûk? Lês dizze 8 tips fan de Reddingsbrigade

01 jan 2020 - 09:27

Op 1 jannewaris binne der in soad minsken dy't meidogge oan in nijjiersdûk. Ek yn Fryslân binne op tal fan plakken organisearre dûken. Mar wa't yn kâld wetter springt, moat wol witte wat de risiko's binne, sa fynt Reddingsbrigade Nederland. "De kjeld kin foar in lichaamlike reaksje soargje, je kinne yn in 'koudeshock' komme. De hertslach giet rapper en it sykheljen wurdt ûnkontrolearre," seit Ylse Huizinga fan Reddingsbrigade Drachten. Dêrom komt sy mei 8 tips:

Nijjiersdûk - Foto: ANP

1) Doch allinne mei oan in goed organisearre Nijjiersdûk

De Reddingsbrigade advisearret net 'yn 't wyld' te dûken op lokaasjes dêr't gjin helpferliening is. "Spring net sels earne yn it wetter op eigen houtsje. By de organisearre dûken binne frijwilligers dy't tafersjoch hâlde en dy stean der net foar neat. Hâld dy dus ek oan de regels," seit Huizinga.

2) Doch allinnich mei ast fit bist

As je dat net binne of it is medysk net ferantwurde, doch dan net mei. En ast dy by de dûk net goed fielst, meld dy dan fuortenedalik oan de helpferlieners (lifeguards, EHBO'ers, húsdokters).

3) Ried dy goed ta

Lês alle beskikbere ynformaasje oer de dûk, kom op 'e tiid sadatst de lokaasje besjen kinst en ek witst wêr't de helpferlieners binne. Neffens Huizinga is dit tige wichtich: "Tink yn it foar goed nei: wat sil ik dwaan? Wêr sil ik dat dwaan?"

4) Soargje foar in goede warming-up

Bliuw yn beweging, hielendal as de waarme klean al út binne.

5) Beskermje dysels tsjin de kjeld

Hâld sa lang as mooglik de klean en de skuon oan. Set ek in mûtse op, want je ferlieze in soad waarmte fia de holle. Ek kinst faseline smarre of in neopreenpak oanlûke.

6) Let op de bern

Ferlies de bern net út it each, hâld se by foarkar oan de hân. Troch drokte kinne bern yn de problemen komme.

7) Kom sa gau as mooglik út it wetter wei

"Swim net nochris in rûntsje, want je kinne de waarmte kwytreitsje as je te lang yn it wetter lizze," leit Huizinga út.

8) Waarmje gau wer op nei de dûk

Sykje in plak út de wyn, leafst in waarme romte. Drûgje dysels ôf en klaai dy oan. Drink gjin alkohol nei de tiid, want dat kin ûnderkuolling feroarsaakje. Nim in waarme, swiete drank en/of sop.

Ylse Huizinga fan Reddingsbrigade Drachten

(advertinsje)
(advertinsje)