Oanjefte tsjin skriuwer Geert Mak fanwege spoarrinne by Dronryp

30 des 2019 - 15:49

Spoarbehearder ProRail docht oanjefte tsjin skriuwer en presentator Geert Mak fan Jorwert, omdat hy oer in treinspoar rint. Dat is te sjen yn bylden fan de VPRO, fan syn tv-programma In Europa. ProRail freget de VPRO ek om de bylden fuort te heljen dêr't Mak oer it spoar rint. It bedriuw is benaud dat minsken Mak neidogge. It is ferbean en ek libbensgefaarlik, seit ProRail. Neffens in wurdfierder fan it bedriuw rint Mak oer it spoar by Dronryp.

Geert Mak - Foto: ANP

De VPRO hat al ekskús makke en hat witte litten: "Het doel was de serie van In Europa in te leiden, dit shot leek passend. We zullen bij de online-uitzending een tekst plaatsen waarin we mensen zullen waarschuwen voor dit beeld en waarin we benadrukken dat spoorlopen verboden is."

Trefwurden: 
spoar Dronryp ProRail Geert Mak
(advertinsje)
(advertinsje)