Fryslân hat der twa nije ynsekten by: in krobbe en in graafbij

Op in nij stik natuerterrein yn Ljouwert binne twa foar Fryslân nije ynsektesoarten fûn. It giet om in krobbesoart, de Meligethes rotundicollis en om in graafbij, de Mimumesa beaumonti. Dy wesp is hjir sa seldsum dat hast neat bekend is oer hoe't er libbet. De ynsekten binne ûntdutsen yn it Biodiversum, op it terrein fan Mannen van Staal op bedriuweterrein De Zwette. Dat is spesjaal oanlein om de nauer mear de romte te jaan.
In 'vierbandsmalbok' en in 'kleine vuurvlinder' © Bureau FaunaX
It Biodiversum is yn 2019 iepene en moat in ekologysk paradys wêze. It docht fertuten: want der binne no al twa tige bysûndere bisten ûntdutsen. Ek binne der sûnt 2014 ferskate 'Eco Hopen' oanlein yn Ljouwert, spesjale hoekjes foar bisten en planten. Dêrby kin tocht wurde oan skûlplakjes, spesjaal blommesied, en stikjes mei reliëf en wetter.
It Biodiversum © Bureau FaunaX