De Fryske Top 100 set hast útein: lês hjir de leukste feitsjes oer de list

30 des 2019 - 14:52

Op Aldjiersdei is it lykas alle jierren wer tiid foar de Fryske Top 100. De nûmers 11 oant en mei 100 binne al bekend. Wat kinne wy no al sizze oer de Fryske Top 100 fan dit jier?

De stimbus fan de Fryske Top 100 yn 2018 - Foto: Omrop Fryslân, Marc Walda

Oele plopt nei ûnderen

Yn 2018 sette Oele Plop de Fryske Top 100 op 'e kop troch mei in behoarlike stimkampanje nij binnen te kommen op nûmer 1. Dit jier komt de man dy't sa graach 'smoar' is net fierder as it 25e plak, wat ek betsjut dat wy dit jier in nije nûmer 1 hawwe.

Heitelân

Fan de 90 nûmers dy't no bekend makke binne, is sjongeres PYN de heechste binnenkommer yn de Fryske Top 100. De ferwachting wie al dat har nûmer Heitelân, dat sy tegearre mei Greidebrass makke hat, in plakje krije soe yn de Fryske Top 100. Wy fine har werom op plak 12 yn de Fryske Top 100.

Yn totaal binne der 24 nije binnenkommers yn de Fryske Top 100 kaam dit jier.

Hikkesluter

Troch al dy nijkommers is der dit jier gjin plak mear foar in oantal oare artysten. Sa binne de nûmers Greideroas en Blaasmuzyk fan Piter Wilkens der dit jier krekt út fallen, lykas Paradys by it Dashboardljocht fan De Kast & Maaike Schuurmans. Yn 2018 stie dit nûmer noch op plak 81.

De grutste 'sakker' is Andries de Vries, dy't fan plak 15 nei plak 97 sakke is.

Leafst 9 kear

Dat der twa nûmers fan Piter Wilkens út de list rekke binne is spitich, mar de skriele treast: Piter Wilkens is ek de artyst dy't it faakst yn de Fryske Top 100 stiet, mei leafst 9 nûmers. Krekt dêrnei stiet De Kast mei 8 nûmers yn de list, mar 3 nûmers dêrfan binne gearwurkingen. De Hûnekop stiet der 7 kear yn.

Dit jier begjinne wy de Fryske Top 100 mei in nûmer fan Syb en syn band. Alle Tiid komt nij binnen yn de Fryske Top 100 en is de iepener fan de Fryske Top 100 dit jier.

Benijd nei de top 10?

Skande, wy kinne noch neat sizze oer de top 10. Harkje tusken 16.30 en 18.00 oere nei de radio of sjoch live mei op telefyzje en mis neat!

De top 10 fan de Fryske Top 100 wurdt op 31 desimber bekend makke tusken 16.30 en 18.00. De Fryske Top 100 is op Aldjiersdei fan 06.00 oere ôf te hearren en te sjen op Omrop Fryslân radio, telefyzje en op ynternet.

Hjir kinst de list alfêst besjen!

(advertinsje)
(advertinsje)