Spesjale auto's Cambuurfans

09 jul 2012 - 17:16
Cambuurstadion - Foto: Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma

Cambuurfans kinne tenei har auto's oppimpe litte mei Cambuur-belettering. De spilers fan Cambuur ride al jierren yn Opels mei it Cambuurlogo derop, mar foar fans is der no in spesjale Opel Corsa te keap, de Opel Corsa Cambuur edition.

Omdat net elk in nije auto betelje kin, is it foar fans ek mooglik om de eigen auto oppimpe te litten, sadat elkenien sjen kin dat se Cambuur-fan binne. Op it priiskaartsje stiet 295 euro.

Trefwurden: 
SC Cambuur
(advertinsje)
(advertinsje)