Weromsjen: Brân yn wenbuorkerij yn Sint Jabik

30 des 2019 - 13:39

Anneke de Groot en har fjirtjin pleechbern oerkaam dit jier in grutte ramp. Op 16 april sloech it needlot ta. Brân lei harren wenning yn Sint Jabik folslein yn 'e jiske. In drama foar it grutte gesin. Yn ien klap wie alles fuort. Anneke is in sterke frou en de help fanút it doarp en omkriten soarget derfoar dat der in tydlik goed plak is yn it doarp. Mar maklik is it allegear net.

Werom nei 16 april. Anneke sit mei pleechdochter Tjara oan in bakje tee. Dan komt in buorman binnen. "Der komt reek út jim dak", seit er. Anneke en Tjara drave nei boppen en sjogge dat de hiele boppefedjipping al swart is. De flammen slaan op dat stuit al út it dak. De brân giet sa hurd dat se eins ek neat mear meinimme kinne út it hûs wei. Allinnich harren mobile tillefoans witte se noch te pakken te krijen.

Anneke fertelt dat je op sa'n momint net mear neitinke oer wat je der noch úthelje wolle. "It iennige dat je wolle is der út." Machteleas stean se bûten. Hiel dreech foar de frou dy't al 33 jier pleechmem is. De measte bern binne op skoalle op it momint dat de brân útbrekt. Anneke besiket de bern op 'e hichte te bringen.

Foar Tjara is it ek in ferskrikkelik momint. Se wennet al sûnt har earste libbensjier by Anneke. De herinneringen lizze allegear yn it hûs. Dochs wie har earste fraach: "Waar moet ik nu heen, heb ik nog onderdak en blijven we wel allemaal bij elkaar?"

Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De perioade nei de brân is benammen ien fan regeljen. Fan it iene op it oare momint is de famylje dakleas, mar de help komt al rap fan alle kanten. Se krije tydlik ûnderdak oanbean, dêrnei wennet it gesin noch yn Frjentsjer en úteinlik sitte se te plak yn it âlde hûs fan Kas Kledingverhuur. Dêr wenje se noch altyd.

Foar Anneke is it dúdlik: se giet noait wer út Sint Jabik wei. De minsken hawwe har sa bot holpen dat se der eins noch altyd net oer út kin. It hat har en de bern hiel goed dien dat der sa mei harren meilibbe en meitocht wurdt.

It plak dêr't it hûs stie - Foto: Simone Scheffer

Anneke is al 33 jier pleechmem. Dat begûn mei twa bern dy't efkes foar krisisopfang by har kamen. Mar dat 'efkes' waard folle langer. Doe kaam der noch in tredde berntsje by. "Dat gong samar. En sa kaam fan it iene it oare. De stap fan twa nei trije bern is in hiele grutte", seit Anneke. "Fan trije nei fjirtjin is ek net sa'n grutte stap", neffens de pleechmem. "Mar dat it der 14 wurde soene dat hie ik yn myn wyldste dreamen net betinke kinnen".

Foto: Simone Scheffer

It plak dêr't it hûs stie, hat no in tryste oanblik. Dochs hopet Anneke dat der takom jier wer in hûs stiet. Se wol 2019 achter har litte en sjocht leaver nei de takomst. Der moat noch in soad barre. Benammen finansjeel is it dreech de nijbou klear te krijen. Troch ûnderfersekering binne der tûkelteammen.

Dochs hopet Anneke dat sy en de bern yn 2020 wer op harren âlde plak komme te wenjen. It leafst foar de simmer, al is dat miskien wat te optimistysk. Mar foar de bern - dy't neffens Anneke al safolle kwytrekke binne yn harren libben - wol se hiel graach it feilige gefoel werombringe fan in echt eigen plakje. "Der moatte noch in soad dingen gebeure. Pas as de earste peal yn de grûn sit, bin ik bliid."

Trefwurden: 
brân Sint Jabik
(advertinsje)
(advertinsje)