Boargemaster Jan Rijpstra: "Woensdag wordt er een stille tocht gehouden"

30 des 2019 - 14:53

"Dit incident had nooit mogen voorkomen." Dat seit boargemaster Jan Rijpstra fan de gemeente Smellingerlân nei oanlieding fan it nijs dat it 16-jierrige slachtoffer fan de stekpartij yn Drachten moandeitemoarn ferstoarn is. Nei alle gedachten sil der woansdei in stille tocht organisearre wurde.

"We zijn er stil van. Dit heeft een heel grote impact op de mienskip", fertelt de boargemaster. "Het enige wat je nu kunt doen als burgemeester is er zijn voor de familie en naasten. Ze zijn geschokt en leven in een roes. Mijn belangrijkste taak is te luisteren en aan de andere kant te overleggen met de politie over het onderzoek."

Grutte ympakt

Oer dat ûndersyk wol de boargemaster net in soad kwyt. "We weten nog niet wat er die avond precies heeft plaatsgevonden. Dat onderzoek loopt nog en zal de komende maanden verder worden uitgevoerd door de politie." Wol hâldt de gemeente kontakt mei de skoallen, dêr't it nijs ek grutte ympakt hat.

Yntusken hinget de flagge healstôk by skoallemienskip Liudger.

Foto: Omrop Fryslân

Maatregels treffe

"Het uitgaansleven in Drachten gaat prima en dan gebeurt dit", fertelt Rijpstra. De gemeente beriedt him yntusken op maatregels om sokke ynsidinten yn de takomst foar te kommen. Mar dat sil net maklik wêze. "Je mag in Nederland met een mes op zak lopen en het kopen. Misschien moeten daarin nog zaken veranderd worden. Dat moet je landelijk bekijken. Dit zal ongetwijfeld ook in de Tweede Kamer besproken worden", ferwachtet Rijpstra.

Stille tocht

Moandeitemoarn leine in soad minsken blommen foar kafee Pietje Bel, dêr't it stekynsidint op 22 desimber plakfûn hat. "Waarschijnlijk zal er morgenavond een stille tocht plaatsvinden", wit de boargemaster.

Boargemaster Jan Rijpstra

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
(advertinsje)
(advertinsje)