Hieltyd mear kulturele ûndernimmers yn Fryslân

30 des 2019 - 12:00

De groei fan it oantal kulturele ûndernimmers set ek yn 2019 troch. De lêste jierren groeide it oantal ûndernimmers yn Ljouwert en Fryslân hurder as it lanlik gemiddelde. Yn Ljouwert wie de groei dit jier sa'n 15 prosint, wylst de lanlike groei en de taname yn hiel Fryslân 12 prosint wie.

Ek yn 2019, it jier nei kulturele haadstêd, nimt it oantal kulturele ûndernimmers ta. Omrop Fryslân hat dit jier, it jier nei kulturele haadstêd, ferskate jonge kulturele ûndernimmers folge dy't der bewust foar kieze om yn Fryslân te bliuwen. Se sjogge kânsen hjir. Mar wat binne rânebetingsten foar kulturele ûndernimmers om hjir suksesfol te bliuwen?

"Het culturele hoofdstadjaar heeft voor een momentum gezorgd waardoor mensen naar Leeuwarden en Friesland kwamen. Het is belangrijk om zulke momentums ook in de toekomst te houden", sa seit Roelof Balk fan de Stichting Cultuur en Ondernemen.

Alles is bot op Amsterdam en de Rânestêd rjochte, mar minsken binne ree om foar bysûndere saken hjir hinne te reizgjen, sa sjocht Balk. "Friesland staat bekend om locatietheater: een koppeling tussen de locatie en bijzondere gebeurtenissen. Dit raakt mensen. Hiermee staat Friesland op de kaart, zeker in Nederland en ook daar buiten."

The Soft Moon - Foto: Ronnie Porte

"Tink as in festival"

Grutste útdaging foar de takomst is neffens Balk, om foar te kommen dat alles fersniperre rekket. "Dat de dynamiek van vorig jaar om met z'n allen wat moois neer te gaan zetten verdwijnt. Je verliest dan een belangrijke bindende kracht."

Hy advisearret sawol oerheden as kulturele ûndernimmers om mear as in festival te tinken. "Dat je bijvoorbeeld als provincie of gemeente de financiering bundelt en richt op een bepaalde periode. En dat je als ondernemer bij je aanvraag meer nadenkt over de context en het moment voor wanneer je dingen wilt laten zien."

Balk sjocht dat it foar kulturele ûndernimmers hieltyd komplekser wurdt om finansiering oan te freegjen. "Je moet als culturele ondernemer een echte allrounder zijn. Daarnaast moet je steeds meer durven investeren in publieksbereik."

Neffens Balk freegje jildferstrekkers hieltyd faker nei it effekt fan wat in kulturele ûndernimmer docht. "Dit zie je ook vanuit Den Haag. De minister van cultuur komt volgend jaar met een nieuw productiefonds voor de podiumkunsten. Dit geld is bedoeld voor het investeren in publieksbereik."

Roelof Balk fan de Stichting Cultuur & Ondernemen

Omrop Fryslân hat dit jier ferskate jonge kulturele ûndernimmers folge. Sy kieze der bewust foar om yn Fryslân te bliuwen, om't se hjir kânsen sjogge. It giet om Wytse Dijkstra, Esther de Jong, Brecht Wassenaar, Florian Cats, Ico Balt en Celine Wierda.

(advertinsje)
(advertinsje)