UPDATE: Man (31) út Ljouwert rekket ferwûne by stekynsidint

30 des 2019 - 11:37

In 31-jierrige man út Ljouwert is moandeitemoarn ferwûne rekke oan syn hân nei't er stutsen wie mei in mes. Dat barde oan de Pieter Stuyvesantwei. Nei it stekynsidint rûn de man nei in supermerk oan de Emmakade dêr't er de plysje belle.

Foto: Kappers Media

De plysje koe efkes letter in 21-jierrige man oanhâlde yn de wenning oan de Pieter Stuyvesantwei. Ek waard hjir in mes oantroffen. Wat de oanlieding foar it stekynsidint wie, kin de plysje noch net sizze. It 31-jierrige slachtoffer is behannele oan syn ferwûnings troch de húsdokter.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert stekpartij
(advertinsje)
(advertinsje)