Blommen foar kafee Pietje Bel ta neitins oan ferstoarne jonge
Ferskate minsken hawwe moandeitemoarn blommen foar kafee Pietje Bel yn Drachten lein ta neitins oan de 16-jierrige jonge dy't om it libben kaam by de stekpartij ferline wike snein.
De stekpartij ferline wike snein fûn plak foar kafee Pietje Bel. Yntusken binne der al ferskate blommen op it plak dellein troch omstanners.