Kolleezje Weststellingwerf lit drank yn jannewaris stean

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Weststellingwerf sil de hiele moanne jannewaris gjin alkohol drinke. It kolleezje docht mei oan de kampanje IkPas om in sûnere libbensstyl yn harren gemeente te stimulearjen.
Bier © Shutterstock.com

Alkoholfrije omjouwing

De gemeente set har aktyf yn om de beskikberens fan alkohol foar jongerein werom te bringen. It slagget har om ûnder it gemiddelde yn Fryslân te sitten. IkPas is ien fan de wizen om alkoholgebrûk ûnder de oandacht te bringen, want in alkoholfrije omjouwing soarget der neffens de gemeente foar dat it gebrûk fan alkohol ûnder minderjierrigen sakket.

Alkohol net fanselssprekkend

Boargemaster André van de Nadort is entûsjast oer de kampanje. Hy hopet dat de aksje der foar soarget dat minsken harren bewuster binne fan de gewoante om alkohol te drinken en de foarbyldrol fan it kolleezje dêr yn. Ek fynt de boargemaster dat it net fanselssprekkend hoecht te wêzen om alkohol te drinken.
Van de Nadort hopet dat safolle mooglik kollega's en ynwenners de alkohol in moanne stean litte sille.