Leverje dyn krystbeam yn en krij in fergees kaartsje foar AquaZoo

30 des 2019 - 10:50

Krystbeammen krije in twadde libben yn bistepark AquaZoo yn Ljouwert. Nei de krystdagen wurde de measte beammen fuortsmiten, mar it bistepark fynt dat skande. Minsken kinne harren beam ynleverje, wêrnei't se in plakje krije yn it park. Yn ruil foar de beam krije se in frijkaartsje foar it bistepark.

Foto: Pexels.com

De beammen binne faak noch yn in goeie kondysje en AquaZoo fynt it wichtich om dêr sa duorsum mooglik mei om te gean. It park kin altyd goeie beammen brûke, dus se noegje elsenien út om harren beam in twadde libben te jaan.

Mei klute en sûnder sabeare snie

Beammen mei in klute kinne tusken 1 en 5 jannewaris ynlevere wurde by de bistetún. De beammen moatte yn elk gefal ien meter heech wêze. Glitters en sabeare snie meie net yn de beammen sitte.

(advertinsje)
(advertinsje)