De Vuurwerkgigant: "In sjegrinich persoan keapet gjin fjoerwurk"

30 des 2019 - 14:50

Ut it hiele lân wei komme minsken nei De Vuurwerkgigant yn Frjentsjer om harren fjoerwurk yn te slaan. Eigener Taeke Brouwer hat in soarte fan 'snoepwinkel', sa krekt foar âldjiersdei. Njonken fêste klanten komme der elk jier ek wer in hiel soad nije gesichten by. Allegear fleurige minsken, sjocht Brouwer. "In segryn keapet gjin fjoerwurk."

Ek dit jier ynvestearret Nederlân wer folop yn knal- en sierfjoerwurk om it nije jier knallend te begjinnen. Moandeitemoarn 30 desimber stie der al in lange rige mei minsken foar de doar te wachtsjen oant de ferkeap begong. "Wy ha aardich romte, mar dat moat ek wol want der komme in soad minsken binnen", fertelt Taeke Brouwer. "Minsken kinne hjir ek wat drinke en ite. De measte minsken fine it skitterjend hjir."

'Kwestje fan grutbringen'

Nettsjinsteande alle negative berjochten oer oerlêst fan it fjoerwurk, fernimt Brouwer net dat it tal keapers ôfnimt. "It is hjir alle jierren wer drok." Boppedat snapt er neat fan minsken dy't kleie dat bisten benaud binne foar de hurde knallen. "Wy ha sels ek hûnen en der hat noch nea in hûn bang foar fjoerwurk west. Dat is in kwestje fan grutbringen."

Lytse showtsjes

Yn de plannen foar it mienskiplik ôfstekken fan fjoerwurk, sjocht Brouwer hielendal neat. "Ast it sels keapest, wolst it ek sels ôfstekke. Dat krijst der net út. De grutte doazen mei sierfjoerwurk wurde it meast ferkocht. Dat binne lytse showtsjes op himsels", fertelt Brouwer.

Famyljebedriuw

Brouwer is al jierren aktyf yn de fjoerwurkhannel. Yn 2005 is it bedriuw yn Frjentsjer kaam en flink útwreide. "Ik ha acht pakesizzers dy't hjir wurkje, mar ek de bern en it skoanfolk helpt mei. It is in machtige tiid om hjir mei syn allen te wurkjen."

Taeke Brouwer mei syn soan Theo - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Eigener Taeke Brouwer

Al it fjoerwurk stiet yn grutte stellaazjes by de Vuurwerkgigant: fan lytse knallers oant grutte fjoerwurkshows. "Wy sykje wat sierfjoerwurk en knallers der by foar de bern. Mar it moat mei fyftich euro wol ophâlde", fertelt in klant. "Fjoerwurk is in hobby", fertelt in oare klant, dy't in eigen fjoerwurkshow hâldt en hiel wat mear jild útjout.

Yn bunkers

Der binne geregeld kontrôles om te sjen oft alle fjoerwurk feilich opburgen wurdt. "Wy stean bekend as hiel feilich", fertelt Brouwer grutsk. "Al ús fjoerwurk leit yn bunkers, sadat der hast gjin kâns op brân is."

Mear as in hobby

Ek sels stekt Brouwer op âldjiersnacht fansels it nedich fjoerwurk oan. "Grutte doazen, dy fyn ik it moaiste. Fjoerwurk is wat geweldichs. Ek foar my is it in hobby. Krekt as foar de rest fan de famylje. Wy tinke yn desimber allinnich mar oan fjoerwurk."

Klanten helje massaal harren fjoerwurk

(advertinsje)
(advertinsje)