Kollum: "All We Need Is Love"

30 des 2019 - 08:49

"Mar leafst 1,9 miljoen minsken seagen ferline wike tiisdei nei All You Need Is Love. Dêrmei wie it it bêst besjoene programma op Krystjûn. It telefyzjeprogramma mei presintator Robert ten Brink is yntusken útgroeid ta in wiere krysttradysje. Sels doe't ik tiisdeitemiddei yn de sauna siet, hearde ik ferskate froulju der al oer praten.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Massaal wolle wy op Krystjûn langút op de bank genietsje fan de brûne puppy-eagen fan Robert ten Brink. Good old Robert bringt fereale steltsjes wer by elkoar en wit foar elkoar te krijen wat net ien slagget, nammentlik in fisum regelje foar al dy bûtenlânske leafdes. En dat bliuwt dochs wat mysterieus, fyn ik altyd.

Wa't fereale wurdt op immen yn it bûtelân begjint oan in yngewikkelde striid mei de IND, de Immigratie en Naturalisatiedienst. Want wolst dyn bûtenlânske leafde nei Nederlân helje dan hast dêr in kontener oan bewiismateriaal foar nedich. Allerhanne dokuminten dy't bewize datsto en dyn bûtenlânske leafde oan de strange kritearia en easken fan de IND foldogge. En dan noch bliuwt it hast in folslein ûnmooglike misje om de leafde fan dyn libben hjir te krijen.

Hoe oars is dat as de redaksje fan All You Need Is Love in fersyk nei de IND stjoert. Ik wol net sizze dat it dan yn in poep en in skeet oplost is, absolút net. Ek dy ha it der smoardrok mei, as ik Robert leauwe mei. Mar it bliuwt dochs bysûnder dat it de fereale steltsjes sels jierrenlang net slagget om in fisum te bemachtigjen, mar de redaksje fan All You Need Is Love wol.

It docht my tinken oan it programma Kassa, dat samar klear krijt wat ús gewoane minsken mar net slagje wol. In ynternetprovider of online webshop dy't net om lyk wol: as partikulier bist de pisang. Wurdst fan it kastje nei de muorre stjoerd. De redaksje fan Kassa bellet ien kear en de alaarmbellen rinkelje by it betreffende bedriuw. Want negatyf yn it programma Kassa komme, dat wol gjin inkele ûndernimmer.

In skoftke lyn wie der in bedriuw dat ek yn de klinsj lei mei in klant en dus Kassa op syn dak krige. By fersin stjoerde de klachtenôfdieling in mailtsje nei Kassa, dêr't de hiele mailwikseling noch ûnder te lêzen wie. Op de redaksje fan it telefyzjeprogramma koenen se presys sjen wat der yntern by it bedriuw allegear bard wie. Yn grutte reade letters stie der te lêzen dat 'het probleem zo snel mogelijk moet worden opgelost, want anders komen we in Kassa. En die negatieve PR kunnen we niet gebruiken.'

Sa wurket it dus. It giet allegear om goeie PR. Wylst ik tink dat jo as bedriuw just goeie PR krije as jo fuortendaliks it probleem oplosse mei de persoanen sels. Dan hast ommers it foardiel fan mond-tot-mond-reklame. En ik ha altyd leard dat der gjin bettere reklame is as mond-tot-mond-reklame. Sis no sels: asto bellest mei in bedriuw oer in probleem en it wurdt fuortendaliks oplost, dan fertelst dat dyselde jûn noch oan de iterstafel, op dyn sportklup of op in jierdeifeestje. Allegear potensjele nije klanten.

It liket my in goed foarnimmen foar alle ûndernimmers foar 2020: wachtsje net oant Kassa der oan te pas komme moat, mar los in probleem fuortendaliks en netsjes sels op. Want foar ús allegear jildt: All We Need Is Love."

(advertinsje)
(advertinsje)