Slachtoffer (16) fan stekpartij yn Drachten ferstoarn

De 16-jierrige jonge dy't op snein 22 desimber swierferwûne rekke by de stekpartij yn Drachten is moandeitemoarn betiid yn it sikehûs ferstoarn. Dat meldt it Iepenbier Ministearje.
Slachtoffer fan stekpartij yn Drachten ferstoarn
Earder waard meld dat it om in 15-jierrige jonge gie. It slachtoffer is resintlik yn it sikehûs in jier âlder wurden.

Twa minderjierrige fertochten fêst

Fuortendaliks nei de stekpartij waarden twa fertochten fan 14 en 15 jier oanhâlden út Drachten en De Gordyk. Beide jonges sitte noch altyd fêst. De fertochten meie allinne kontakt hawwe mei harren âlden en harren advokaat.
By opskuor dy't ûntstie nei it ynsidint rekke ek in plysje-agint ferwûne. Hy bruts syn noas nei't er troch in omstanner slein wie. It die letter bliken dat de dieder famylje fan it slachtoffer wie.
© ProNews