Oant twa kear ta brân op strjitte yn Twizelerheide

De brânwacht fan De Westereen moast snein oant twa kear ta yn aksje komme foar brannen yn Twizelerheide. Dat begong mei in brân oan it Pleinpaed, dêr't autobannen yn brân stiene. Letter op de jûn wie der in bûtenbrân oan de Skoalstrjitte.
© De Vries Media
By de brân oan de Skoalstrjitte gong it om ôffal dat yn 'e brân stie. De flammen wiene oerslein nei de boskjes. De plysje slút brânstifting net út.