Besjoch hjir de kaart: Wêr wurdt der karbidsketten yn Fryslân?

31 des 2019 - 09:01

Op in soad plakken yn Fryslân binne ek dit jier wer rom 200 fergunningen ôfjûn foar it karbidsjitten. Op dizze kaart hjirûnder kinsto sjen op hokker plakken dit jier mei karbid sketten wurde sil.

Yn de measte gemeenten moatsto sels in fergunning oanfreegje om mei karbid te sjitten. Mar der binne útsûnderingen. Sa binne der op It Amelân fiif lokaasjes oanwiisd. Dêr meie minsken karbidsjitte, as sy harren oan de foarskriften hâlde.

Ek op Flylân hasto gjin fergunning nedich, mar dêr binne gjin lokaasjes oanwiisd. Op it eilân binne net in soad geskikte plakken, sa lit de gemeente witte. Boppedat binne dy plakken dan fan Steatsboskbehear, en dêr moat dan apart tastimming foar frege wurde.

Yn Eaststellingwerf is gjin fergunning of melding nedich. Der hawwe nea problemen west mei it karbidsjitten yn dy gemeente, mar der ride wol boa's om te kontrolearjen oft de dielnimmers harren oan de foarskriften hâlde.

Sels sjitte?

Silsto sels ek karbidsjitte of hasto foto's fan it sjitten by dy yn de buert? Set dy dan ek by ús op 'e kaart.

Mitselwier is ien fan de plakken dêr't op Aldjiersdei folop mei karbid sketten wurdt. It karbidteam Mitselwier wurket mei in fergunning fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Om it sjitten sa feilich mooglik te hâlden, wurdt it publyk mei dranghekken op ôfstân hâlden.

It karbidteam is al dagen yn it spier mei de tariedingen. Snein waard de feesttinte op it sportfjild opboud. "Wy dogge dit as ploech mei-inoar. Dat is foar my it moaie fan it karbidsjitten. Dat je soks as freoneploech en doarp mei-inoar belibje, dat is eins fantastysk", seit wurdfierder Edwin de Vries fan it karbidteam.

It Carbid Team Mitselwier foar it eigen carbidkanon - Foto: Omrop Fryslân

Edwin de Vries fan it Karbidteam Mitselwier

Trefwurden: 
Fryslân karbidsjitte
(advertinsje)
(advertinsje)