"Boeren ha in te hege skeafergoeding foar guozzen krigen"

Fergoedingen oan boeren foar skea troch guozzen oan gêrslân binne mooglik jierrenlang op ferkearde oannames fêststeld. Dat skriuwt it deiblêd Trouw. Benammen fergoedingen yn Fryslân binne mooglik te heech west.
© Hans Pietersma
Yn 2018 is oan Fryske boeren yn totaal sa'n 6 miljoen euro útkeard, op basis fan taksaasjes dy't mooglik te betiid dien binne. Dêrtroch hat in diel fan de skea him úteinlik nea foardien.
It deiblêd Trouw skriuwt dat op basis fan ûndersyk dat yn opdracht fan de provinsje Fryslân dien is. De provinsje giet der yn in earste reaksje fan út dat de skea wol terjochte útkeard is.