Frou kampearret foar hûs eks yn Jobbegea, man spant koart pleit oan

30 des 2019 - 10:38

Yn Jobbegea kampearret Linda Holtman al sûnt earste krystdei foar it hûs fan har eks. Se freget mei har aksje omtinken foar har drege situaasje. Sûnt se by har man wei is, in lytse twa jier lyn, liedt se neffens eigen sizzen in swalkjend bestean.

In fjoerke bringt Linda Holtman de nedige waarmte - Foto: Omrop Fryslân

In nije start meitsje kin net, omdat har jild yn it hûs fan har eks en harsels sit en yn de leechsteande maneezje achter de wenning. Holtman wol útkocht wurde, sadat se in nije start meitsje kin, mar neffens har wegeret har eks elke meiwurking oan it regeljen fan de skieding.

De man yn kwestje is net thús. Hy lit witte dat er him 'yntimidearre' fielt troch de aksje fan syn frou. Hy fynt dat sy him 'stalket' en hat in koart pleit tsjin har oanspand mei as eask dat se fuortgiet.

Koart pleit

It koart pleit tsjinnet moandei yn Zutphen. De man hat ek de plysje ynskeakele. Dy hat lâns west yn Jobbegea en hat Holtman advisearre om fuort te gean, mar de frou hat dat wegere. Sy hat neffens eigen sizzen ek gjin plak om hinne te gean. Holtman is fan doel om troch te gean mei har kampear-aksje oant dat der in oplossing is yn de skiedingskwestje.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Yn dit doarp Jobbegea wurdt folop mei Holtman meilibbe. De frou wurdt geregeld foarsjoen fan waarm iten en drinken en ek fan hout foar har kachel. Holtman ûnderstreket dat se lang net de iennichste skieden persoan is yn sa'n situaasje.

"Ik bin op fakânsjeparken folle mear minsken tsjinkaam dy't oan de grûn sitte en nearne telâne kinne, ek froulju mei lytse bern. Skiedingssaken duorje fierstente lang as der in partij is, dy't net meiwurket. Dêr freegje ik oandacht foar."

Linda Holtman oer har kampear-aksje

Ut namme fan de eks-man lit syn wurdfierder Folkert Fennema witte de aksje fan de frou 'onnodig en zinloos' te vinden. "Deze vrouw staat zeker niet in de top 10 van de schrijnende gevallen. Ze ontvangt iedere maand alimentatie en kan goed voor zichzelf zorgen." Fennema seit dat it de foarkar hat fan syn kliïnt om de boedelskieding fia de rjochter te regeljen. "Wat mijn cliënt betreft gebeurt dat zo snel mogelijk. Ook hij wil graag verder met zijn leven."

De eks-man hat der fierder ek muoite mei dat de frou fia social media en media-oandacht negative ferhalen oer him ferspriedt. "Wij kiezen ervoor om daar niet in mee te gaan." De eks-man hopet dat der sa gau mooglik in ein komt oan de kampearaksje.

(advertinsje)
(advertinsje)