Jelle Wiersma wint Nederlânsk kampioenskip FRYSK!

29 des 2019 - 21:41

Jelle Wiersma fan Wommels is sneon yn Ljouwert mei oermacht Nederlânsk kampioen FRYSK! wurden. Yn Tresoar waard sneon it Frysk damspul spile, mar dan mei fiif skiven de spiler. Dizze fariant is spesjaal ûntwurpen om de drompel foar it komplekse Frysk damjen te ferleegjen.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Yn it toernoai moasten de fyftjin dielnimmers allegear seis omlopen spylje. Wiersma wie de iennichste dy't alle seis wûn. Op it twadde plak kaam Teake Kooistra út Hartwert, mei 4,5 punt. Kooistra en Wiersma hearre beide by de absolute top fan it Frysk damjen.

Takom jier WK

Winner Wiersma is no de tredde persoan dy't him pleatst hat foar it wrâldkampioenskip FRYSK!. Dat wurdt op 8 maart takom jier hâlden yn Frjentsjer.

(advertinsje)
(advertinsje)