Letitia de Jong: "Ik haw maksimaal skoard"

29 des 2019 - 21:00

"It is skande dat ik twa kear net win. Mar dy twa twadde plakjes, dêr kin ik net lilk om wêze." Dat sei Letitia de Jong fan Feanwâlden snein nei de 1000 meter op it NK ôfstannen yn Thialf.

"Ik haw maksimaal skoard mei de tickets", neffens De Jong. Sy waard twadde op de 500 meter, en pakte ek it sulver op de 1000 meter. Sy is dêrtroch wis fan it WK ôfstannen en it WK sprint.

Bêste wykein fan it jier

De Jong: "Ik tink dat ik my kwa foarm en tiden op it goeie momint sjen litten ha dit wykein." Se waard noch wol efkes rekke troch de diskwalifikaasje fan Jorien Ter Mors, troch in falske start. "Dêr krijst op dat momint alles fan mei. Ik woe my der ek net hielendal foar ôfslute, mar je moatte wol gewoan fierder."

Dat jilde ek foar Ireen Wüst. Foar har kaam de diskwalifikaasje fan Ter Mors hurd oan. "Dat was gewoon heel jammer voor het kampioenschap en ook voor mij. Ik was daarna behoorlijk van slag."

"Ik denk dat dit daarom ook wel een van de meest memorabele 1000 meters uit mijn carrière was. En dan rijd ik daarna in mijn eentje. Dat is ook wel gek, want je bent je referentiekader kwijt. Er zit veel meer in, maar ik ben blij dat ik toch nog derde ben geworden."

"Wijntje op drinken"

Bliid wie Wüst ek foar freondinne Letitia de Jong. "Zij werd gelukkig tweede en zo hebben we beiden een ticket. We gaan er vanavond een wijntje op drinken!"

Foto: Orange Pictures
(advertinsje)
(advertinsje)