Fjouwer jonge minsken oer 2020: "Kom út dyn bubbel"

29 des 2019 - 18:38

It jier 2020 wurdt in spannend jier. Op ferskate wizen. Dat fine fjouwer maatskiplik belutsen Fryske jonge minsken. En de ôfstân tusken oerheid en boarger moat neffens alle fjouwer minder. Mar hoe dogge je dat?

Foto: Simone Scheffer

Yn it foarum fan Buro de Vries fertelle Eke Folkerts (Agryske Jongeren Fryslân), Fardau Procee (nûmer alve op PvdA-list foar Europeeske ferkiezings), Tieneke Clevering (wetterskipspartij Water Natuurlijk) en Wytse Dijkstra (muzikant en kultureel programmeur yn Ljouwert) oer wat se fine en tsjinkomme.

It jier 2019 wie benammen it jier fan de protesten. Neffens de fjouwer jongeren is dat wat echt opfoel yn dit jier. Dat it folk yn ferset komt en dat de ôfstân tusken de oerheid en de boargers hieltyd grutter wurdt. Der moat mear harke wurde nei minsken, is it idee fan har.

Foto: Simone Scheffer

Eke Folkerts hat har bot dwaande hâlden mei de jonge boeren en de regels dêr't de agrariërs tsjinoan rinne. Dy regels binne fierstente bot út de hân rûn neffens har. De oare foarumleden werkenne dat. Dat moat neffens harren echt minder wurde. Eke fynt dat de boeren tefolle oer harren hinne krije.

It klimaat is wichtich, mar neffens har is it in wrâldwiid probleem en kinne we dat net allinnich yn Nederlân oplosse. Dat fine de oaren ek, mar neat dwaan is gjin opsje neffens de fjouwer. It moat wol yn balâns gebeure is de miening.

Foto: Simone Scheffer

Tieneke Clevering bygelyks besiket yn it Wetterskip har part dêryn te regeljen. Dat slagget net yn koälysje. Earder dit jier setten de oare partijen Water Natuurlijk bûtenspul neidat Clevering en har partij mei in formateur kamen, mar dat neffens de oare partijen ûnterjochte diene. It CDA hat doe foar oare partijen keazen.

Neffens Clevering woene se it ris op in oare wize besykje en troch de âlde manier hinne brekke. Dat slagge net. Achterôf taktysk en strategysk net handich. Neffens de listlûker kamen se derachter dat der dreech troch de grize-manne-kultuer hinne te brekken is.

Foto: Simone Scheffer

Fardau Procee stie op nûmer alve fan de list foar de Europeeske ferkiezings fan de PvdA. Se fynt it spitich dat se der net yn kaam is, mar is wol bliid dat har partij it wol goed die mei de ferkiezings. Dat Europa fier fan de boarger ôf stiet is foar har wol dúdlik. Lykas it ferhaal fan de boeren dêr't Eke Folkerts tsjinoan rint. Dy werkent se, mar der gebeure neffens har yn it Europeesk Parlemint ek in soad goeie dingen.

Fardau tinkt dat 2020 polityk sjoen ek hiel spannend wurdt. De kâns dat it kabinet Rutte falle sil liket har grut as se wer net by steat binne wichtige besluten te nimmen.

Foto: Simone Scheffer

Wytse Dijkstra tinkt dat de keunst en kultuer in grutte rol spylje kinne om de ôfstân tusken oerheid en boarger lytser te meitsjen. Troch kultuer kinne je reflektearje op wat der yn de wrâld en om je hinne bart. It ferbynt minsken. In festival as Welcome to The Village bygelyks, dat is in doarp dêr't elkenien komt, fan boer oant klimaataktivist. Dêr moetsje minsken mekoar en leare wer wat fan mekoar seit hy.

Neffens Dijkstra wurdt it tiid dat we akseptearje dat we it mei mekoar dwaan moatte en we yn mekoars skuon stean gean. Hy hopet dat social media ek wat minder ynfloed hawwe sil.

"Yn de eigen bubbel"

De oare foarumgasten werkenne dat ferhaal. We sitte as jongeren faak ek al yn in bubbel, seit ûnder oaren Fardau Procee. Sy wol sels besykje dêr ek mear út te kommen. Dat jildt ek foar Eke Folkerts. As wurdfierder fan jonge boeren gie se lêsten nei in jûn fan feganisten. Fan tefoaren tocht se dat se it wol foar de kiezzen krije soene as boeren. It tsjinoerstelde wie it gefal. "De boeren waarden omearme."

Dat joech Eke en har kompaan dy't mei wie in goed gefoel. Foar alle fjouwer is út de bubbel stappe in saak dêr't se mei oan de gong wolle. We moatte it mei-inoar dwaan.

Wat bringt 2020?

De spanning sit foar alle fjouwer yn ferskillende dingen. Tieneke Clevering wurdt mem yn 2020. Dat is spannend en yn dizze tiid dêr't alles ûnder druk stiet hat se der ek wol oer neitocht. "Wol ik wol in bern op dizze ierde bringe?" Mar se hat bot nocht oan it memmeskip. De wrâld wurdt der ek wer moaier fan.

Wytse wol it kommende jier noch mei oaren stride foar it dochs behâlden fan de festivals dy't troch boargemaster Buma de wacht oansein krigen hawwe. Hy fynt de reden fan te min plysje net echt leauwensweardich. By festivals is neffens him net folle plysje nedich.

Eke hopet dat der foar de boeren dochs goeie maatregelen komme en yn alle gefallen minder regels. Dat wurdt wol spannend neffens har. Se is hiel benijd hoe't de diskusje him fierder ûntwikkelje sil.

Fardau wurket op it ministearje fan Bûtenlânske Saken. Se hat earder foar de Feriene Naasjes wurke. Se wit noch net oft se har de kommende ferkiezings wer beskikber stelle wol. Dêr hat se noch in pear jier de tiid foar om oer nei te tinken.

By elkoar oanslute

Iens binne se it oer hoe't de takomst better wurde kin. Polderje. Dat is wat we goed kinne en wer besykje moatte op te pakken sa fine se. De fjouwer jonge foarumgasten wolle yn 2020 ek faker by inoar oanslute, om de bubbels op te lossen, sa ha se nei de útstjoering besletten.

Fjouwer jonge Friezen oer de aktualiteit en de takomst yn it foarum fan Buro de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)