Stroetinga foar de fjirde kear Nederlânsk kampioen by de massastart

29 des 2019 - 18:23

Arjan Stroetinga is foar de fjirde kear yn syn karriêre Nederlânsk kampioen wurden op de massastart. Yn de sprint wie Stroetinga Koen Verweij en Jan Blokhuijsen te rap ôf. Yn 2015 pakte Stroetinga foar it lêst de nasjonale titel.

De dielnimmers makken der by de manlju in ûnrêstige wedstriid fan. Ferskate oanfalspogingen slaggen net. Yn de slotfaze like Gary Hekman de bêste papieren te hawwen foar de einoerwinning, mar de ploech fan coach Jillert Anema soarge derfoar dat Stroetinga yn ideale posysje de lêste bocht yngean koe.

Op de finishstreek wie de Wynjewâldster krekt in fraksje flugger as Verweij. Blokhuijsen einige krekt dêrefter as tredde.

Foto: Orange Pictures
(advertinsje)
(advertinsje)