Hûn spoart drugsbesitters op

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht yn Balk en Boalsert in hûn ynset by in drugskontrôle. Oanlieding wie dat der klachten oer drugsgebrûk by de plysje binnenkaam wiene. De hûn sloech by seis minsken oan. Trije fan har hiene weed bij har. De drugs binne yn beslach naam. De fertochten moasten mei nei it buro, mar neidat se heard wiene, binne se wer loslitten.