Groenewoud en Schulting op poadium by NK massastart

29 des 2019 - 17:51

Irene Schouten is sneintemiddei Nederlânsk kampioen massastart wurden. It is al wer har sânde titel op dit ûnderdiel fan yn totaal acht kampioenskippen. Schouten pakte de titel krekt foar har ploechgenoate Marijke Groenewoud fan Hallum. Shorttrackster Suzanne Schulting waard tredde.

Foto: Orange Pictures

Paulien Verhaar besocht fuort te kommen, mar seach mei noch trije ronden te gean dat se ynhelle waard. De oranjetrein fan Team EasyJET joech lykwols gas en soarge derfoar dat it dochs in einsprint waard fan in flinke groep.

In ûntsnappingspoging fan Melissa Wijfje koe ek neat mear úthelje. Schouten knalde yn de lêste bocht oer de koprinners hinne. Groenewoud waard krekt dêrefter twadde en Schulting tredde.

(advertinsje)
(advertinsje)