Titel foar Leerdam op 1000 meter, Letitia de Jong wer twadde

29 des 2019 - 16:42

Letitia de Jong is lykas op de 500 meter wer twadde wurden, no op de 1000 meter. Ek dit kear einige se achter Jutta Leerdam. Sawol Leerdam as De Jong binne dêrtroch wis fan it WK ôfstannen en it WK sprint. Antoinette de Jong foel ek op de 1000 meter bûten de prizen.

Ireen Wüst kaam yn de baan tsjin Jorien Ter Mors, mar dy waard troch in falske start diskwalifisearre. Wüst moast allinnich ride en sette in tiid del fan 1.15,64. Dêrmei wie se op dat momint krekt wat rapper as de fluchste tiid fan Elisa Dul.

Antoinette de Jong der net oan te pas

Yn de ien-nei-lêste rit wie it de lêste kâns foar Antoinette de Jong om noch fan it toernoai te meitsjen. Se liet de 5000 meter rinne en miste op de 1500 en 3000 meter kwalifikaasje foar it EK en WK. Se naam it op tsjin Jutta Leerdam. Dy naam fuort in grutte foarsprong en De Jong kaam der nea oan te pas.

Yn de lêste rit wie it Sanneke de Neeling tsjin Letitia de Jong fan Feanwâlden. De Jong hie har op de 500 meter al pleatst en ek op de 1000 meter gong it goed. Gjin Nederlânske titel, mar wol wer in sulveren medalje. Mei dizze útslach pleatst De Jong har lykas Leerdam ek foar it WK sprint, ein febrewaris yn Hamar.

Utslach 1000 meter froulju:

  1. Jutta Leerdam 1.14,23
  2. Letitia de Jong 1.14,68
  3. Ireen Wüst 1.15,64
  4. Elisa Dul 1.15,72
  5. Sanneke de Neeling 1.15,78
  6. Helga Drost 1.15,84 nij PR (wie 1.16,32)
  7. Femke Kok 1.16,11
  8. Marijke Groenewoud 1.16,40
  9. Antoinette de Jong 1.16,41

  • 11. Anice Das 1.16,74
  • 12. Janine Smit 1.16,76
  • 16. Michelle de Jong 1.17,59

By de manlju wie Jesper Hospes de iennige Fries dy't yn aksje kaam op de 1000 meter. Hospes is spesjalist op de 500 meter. Op de 1000 meter waard hy santjinde. Nederlânsk kampioen waard Thomas Krol. Twadde waard Kai Verbij en Dai Dai Ntab makke it poadium kompleet.

Utslach 1000 meter manlju:

  1. Thomas Krol 1.08,35
  2. Kai Verbij 1.08,53
  3. Dai Dai Ntab 1.08,87
  4. Hein Otterspeer 1.09,04
  5. Lennart Velema 1.09,23
  6. Koen Verweij 1.09,26

  • 17. Jesper Hospes 1.11,27

(Kjeld Nuis wie der troch in blessuere net by)

(advertinsje)
(advertinsje)