Jorrit Bergsma pakt sechde nasjonale titel op tsien kilometer

29 des 2019 - 15:52

Jorrit Bergsma hat sneintemiddei yn Thialf syn sechde nasjonale titel op de tsien kilometer pakt. Bergsma fersloech yn de slotrit syn grutte konkurrint: Patrick Roest, dy't twadde waard.

Foto: Orange Pictures

Foar Jorrit Bergsma wie it syn fjirde Nederlânske titel op rige op de NK ôfstannen. Hy ried snein de op twa nei bêste tiid ea op de tsien kilometer yn Thialf: 12.45,04.

Lang lykop

Roest en Bergsma gongen lang lykop. Beide riders sieten foaral tusken de 30.50 en 31.10. Beiden wikselen inoar ôf, mar in echte foarsprong foar ien fan beide kaam der lang net. Bergsma pakte nei in tredde fan de race lang in lytse foarsprong, al wie dy nea mear as in sekonde. It wie foaral ôfwachtsjen wa't as earste fersnelle koe.

Mei noch sân ronden te gean sette Bergsma in lege 30'er del en werhelle dat dêrnei. Hy kaam sels yn de 29 telâne. Syn eintiid gong sels rjochting it baanrekôr fan Roest (12.42,97), al slagge dat net. Bergsma syn eintiid wie 12.45,04. Roest kaam ta 12.48,59.

Kreaze rit Talsma

Marwin Talsma fan Grou ried in kreaze rit, sette in tiid del fan 12.59,12 en ferbettere dêrmei syn persoanlik rekôr mei acht sekonden. Hy pleatste him dêrmei net foar it WK, mar waard wol hiel knap tredde op it NK.

Yn de rit nei dy fan Talsma kamen twa Fryske bruorren tsjin elkoar yn aksje: Bob (35) tsjin Bart (31) de Vries. Bart ried sneon in moai persoanlik rekôr op de 5000 meter en like dêrmei de man yn foarm foar dizze wedstriid. Bob naam in foarsprong yn it begjin, al waard it gat nea echt grut.

Mei noch fjirtjin ronden te gean naam Bart it lykwols oer. Hy koe him doe konsintrearje op de tiid fan Marwin Talsma, mar syn rondetiden giene te gau nei de hege 31'ers. Bob kaam sels werom yn de race, naam ôfstân fan Bart en wûn de race yn 13.11,33, mei dik sân sekonden foarsprong op syn bruorke.

"Wilde meer laten zien"

"Dat is dan ook het enige positieve aan deze race", sa seit Bob. "Ik heb natuurlijk al aangegeven me te concentreren op de marathon, maar als je meedoet, wil je toch meer laten zien dan dit." Foar Bart de Vries wie it in kwestje fan besykje de tiid fan Talsma oan te fallen. "Ik had 31.00 in gedachten, maar al redelijk snel had ik door dat dat hem niet werd."

Utslach tsien kilometer

  1. Jorrit Bergsma 12.45'04
  2. Patrick Roest 12.48,59
  3. Marwin Talsma 12.59,12 (âlde PR wie 13.07,25)

  • 6. Bob de Vries 13.11,33
  • 7. Bart de Vries 13.18,88
(advertinsje)
(advertinsje)