Visser wint ek 5000 meter, Anema en Kleibeuker neist it poadium

29 des 2019 - 14:07

Reina Anema giet net nei it WK ôfstannen. Se waard snein fjirde op de 5000 meter. Esmee Visser waard Nederlânsk kampioen mei 6.50,96. Irene Schouten giet as twadde nei it WK. De rydster fan Team EasyJET einige foar Carlijn Achtereekte, dy't krekt as Anema bûten de boat falt.

Foto: Orange Pictures

Anema pleatste har op de 1500 en de 3000 meter ek al net foar de ynternasjonale kampioenskippen. Dat slagge dus ek net op de 5000 meter. Se koe yn de lêste rit tsjin Achtereekte lang meikomme, mar healweis moast se har gean litte, klommen de rondetiden nei de 33'ers en sels 34'ers.

"Ik hie my foarnommen om sa lang mooglik mei te gean. Oft je no tredde wurde of fiifde, dat makket ek neat út. Je wolle je gewoan pleatse." Healweis de rit wie it lykwols klear. "Doe wist ik dat it klear wie. Ik fyn net dat ik min riden ha dit wykein, mar der binne oaren gewoan better."

Yn de foarlêste rit rieden Visser en Schouten tsjininoar. Mei in machtige fersnelling yn de lêste fjouwer rondes koe Visser Schouten efter har litte.

Carien Kleibeuker einige op it fiifde plak. Se ried yn de earste rit tsjin Imke Vormeer en sette mei 7.03,90 in tiid dêr't ferskate rydsters harren op stikken bieten. Utsein Visser, Schouten, Achtereekte en Anema, dy't foar har einigen.

De Jong net op 5 kilometer

Antoinette de Jong hat har ôfmeld foar de 5 kilometer, mar rydt letter dizze snein noch wol de 1000 meter.

Utslach 5000 meter froulju:

1. Esmee Visser 6.50,96

2. Irene Schouten 6.54,87 PR

3. Carlijn Achtereekte 6.55,04

4. Reina Anema 7.03,83

5. Carien Kleibeuker 7.03,90

(advertinsje)
(advertinsje)