FOTO: Fryslân wurdt wekker yn rôze kleuren oan de loft

29 des 2019 - 13:37

Fryslân waard de ôfrûne dagen wekker yn in rôze wrâld. Fia de sosjale media en de waarside fan Piet Paulusma, krige de redaksje fan Omrop Fryslân in soad rôze/reade waarfoto's ynstjoerd.

Dit waarferskynsel ûntstiet troch refleksje fan sinnestrielen fan de opkommende sinne. Dy sinne skynt moarns betiid ûnder de wolken troch. De strielen wurde brutsen troch stof- en wetterdamp yn de loft. Dy dieltsjes brekke de blauwe kleuren fan de sinnestrielen ôf, wêrtroch't de reade tinten útljochte wurde. Dat smyt mearkeseftige foto's op.

Hasto sels in moaie waarfoto makke? Stjoer dy yn fia de waarside fan Piet Paulusma en wa wit, sjochsto dyn foto werom op de waarside of de social media fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
natoer waar Loft
(advertinsje)
(advertinsje)