Wurdearring rekket Piet Paulusma: "Ik bin ek mar in minske"

29 des 2019 - 13:19

It alderlêste 'Piet's weer' by SBS is moandei 30 desimber te sjen, dêrnei is it echt oer foar de 63-jierrige Fryske waarman nei 23 jier by dy stjoerder. Nei in syktocht is bekend wurden dat er as waarman by Omroep MAX oan de slach sil. Yn it radioprogramma Buro de Vries sjogge wy mei him werom: hoe hat er dit rûzige jier belibbe?

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Op 2 jannewaris begjint er by Omroep MAX. "Dat is even wennen oan oare tiden, mar it is in moaie oerstap. De 25 jier folmeitsje by SBS slagge net. Dêr wie ik wol hiel teloarsteld oer, ik ha der it ôfrûne jier bot mei dwaande west, mei petearen. Der barde fan alles. It wie spannend fan hoe komt it."

Trochbraak

Hy is altyd aardich bleaun. "Mei slaan en skoppen hellest neat út. It is it belied fan it bedriuw. Se ha my noait ferteld wêrom, se seinen allinne mar dat se in oare kant op woenen. It wurdt no in mear modern Amerikaansk waarberjocht ha ik begrepen. Yn dat moderne soe ik wol passe, mar net yn in studio. Ik stean bûten, dêr bin ik bekend mei wurden mei it bûten presintearjen. Yn it begjin by de Omrop ha ik ek mar twa kear yn de studio sitten."

Hoe wurdt it ôfskied?

"It wurdt moandei in hektyske dei. Ik bin moarns in healoere te hearren op Radio 1, middeis komt it Jeugdjournaal en by de lêste opname fan it waar komt in soad parse." Earst soe der gjin parse bywêze, mar der kamen ferskate fersiken binnen. "It is net 'des Piets' dat der gjin minsken by binne, dat tagonklike heart by my." Dêrnei nimt er ôfskied fan syn kollega's. "Der komme in pear bazen dy't ik al hiel lang ken, de nije bazen komme net. Ik hoech net in grut feest, mar ik wol wol ôfskied fan kollega's nimme, mei in hapke en drankje."

Piet Paulusma - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Hoe is it ek alwer begûn?

Mei de 'koarts' fan de Alvestêdetocht fan 1995/96 is Piet Paulusma lanlik bekend wurden. "It bestjoer krige alle dagen in faks fan my mei it waar en ik foarsei dat it min 12 waard, wylst kollega's teiwaar foarseinen." Mei Henk Kroes hie er kontakt krigen nei in ûndersyk nei iisgroei. De eardere foarsitter fan de feriening De Friesche Elf Steden is hiel posityf oer de waarman. "Dat rekket my, benammen fan him om't it troch him allegear begûn is."

Bekende Nederlanner

Doe't er by SBS begûn, hie er noait tocht dat er in bekende Nederlanner wurde soe. "Ik ha fan myn hobby gewoan myn berop makke, mar oaren seinen dat ik wol in BN-er wurde soe. Ik ha fuort sein dat der al wat Frysks yn it waarpraatsje sitte moast, want ik komt út Fryslân. Dat waard dus 'Oant moarn'. Ien fan de minsken fan SBS sei doe: over een halfjaar zegt heel Nederland 'Oant moarn' en dat wie ek sa, mar dat hie ik noait tocht. Op in momint wienen der ien miljoen sjoggers. Sa ha ik der noait nei sjoen."

Ik tink der wol om wat ik yn it iepenbier doch.

Piet Paulusma

Hoe om te gean mei de populariteit?

"Dêr groeist yn, ik nim altyd tusken de minsken it waar op, dêr genietsje ik fan. De belangstelling dy't ik krige doe't bekend waard dat ik fuort moast, sjoch ik as wurdearring, dêr bin ik bliid mei. It rekket my ek, ik bin ek mar in minske. As ik op lokaasje kom, wolle minsken mei my op de foto en dêr nim ik de tiid foar."

Oft er feroare is? "Ik tink der wol om wat ik yn it iepenbier doch. Op lokaasje is it faak 'hee, in bierke?' en dat doch ik net." Syn famylje waard der ek mei konfrontearre. "Dy moatte der ek mei omgean, doe't ik begûn sieten de bern noch op skoalle, mar se ha it goed oppikt. Op it momint dat der wat yn de roddelblêden stiet, wat net kloppet, is dat net altyd leuk." Dêr hie syn eks-frou Joke wolris muoite mei. "Foar my is it gewoan, mar de omjouwing moat dermei omgean kinne. Dêr kinst gjin kursus foar folgje. Betellest in priis, mar der is ek in soad wille. De waarmte is der noch altyd."

Timo Jepkema is fan fan Piet Paulusma, hy wie ek waarnimmer fan stasjon Lekkum. "It is in gastfrije, entûsjaste fakmalloat. Hy wurket hurd en makket lange dagen, dêr ha ik respekt foar. Ik ha staazjerûn by him, hy is as waarman detaillearre mei de wyn, dat is hiel belangryk yn Fryslân ast op it wetter sitst."

Hy fertelt noch in anekdoate: "We wienen ris mei de famylje op wintersport en we stienen op it punt om wer nei hûs ta te gean. Der wie in hiel soad rein foarsein. We twivelen, moasten we bliuwe? Piet sei: moatst bliuwe, ik ha de Dútske kaarten sjoen en der komt in enoarm pak snie oan. Doe binne we bleaun en we ha in geweldich moaie dei hân mei in bak snie. Dat hie Piet as iennige foarsein. Dat sil ik noait wer ferjitte."

Foto: Omrop Fryslân

Lêst fan it waar

"It waar hat gjin ynfloed op my, mar as ik echt mis sit mei it waar, dan ha ik wol de pest yn op mysels. Mar ja, dan sit ik sels ek yn it minne waar. Ik ha it wolris hân dat we mei de boat fuort soenen om't it moai waar wurde soe, mar doe reinde it. Ja, dan sit ik sels ek yn de rein."

Hy sjocht net nei oare waarfoarsizzers. "Mar ik ha wolris in minne nacht hân as ik iennige froast foarsei en dat ik dan bliid wie dat it wol frear. Blykber bin ik dan toch de bêste. Ik meitsje gebrûk fan Dútske modellen en sjoch nei streamingspatroanen. Waarkeamererfaring is oars as inkeld meteorology."

Is Piet Paulusma in workaholic?

"Dat sizze minsken, mar ik nim myn rêstpunten wol. Ik gean op yn myn passy, ik bin ien dy't hurd wurket." Syn stimproblemen wienen in sinjaal dat syn lichem rêst nedich hie. "Ik ha leard om nei myn lichem te lústerjen. As ik wurch bin, gean ik even in oerke lizzen, dy rêst nim ik no oerdei."

Foto: Arjan Sijtsma Photography / Omrop Fryslân

Komt der noch in Alvestêdetocht?

"Dy komt der. Trije jier lyn sei ik binnen tsien jier, dus no binnen sân jier. It waar hat hieltyd gruttere ekstremen. It is faker te waarm, it waarmterekôr is dizze simmer ferpulvere mei mar leafst twa graden. By dy ekstremen heart ek in strange winter. Fansels ha we te krijen mei klimaatferoaring. Foar in part is dat in natuerlik proses, mar we binne ek mei mear minsken op de wrâld, der is mear yndustry, der binne mear auto's, we helje mear út de grûn en stjoere mear de loft yn."

Op 2 jannewaris is by Omroep MAX Piet syn earste waarberjocht op telefyzje te sjen.

Piet Paulusma yn Buro de Vries

(advertinsje)
(advertinsje)