Stellen tegelwurk út Feanster kafee It Houtsje hast te plak

29 des 2019 - 11:54

It bysûndere tegelwurk dat stellen wie yn kafee It Houtsje op It Hearrenfean is hast te plak. De plysje hat kontakt hân mei de dieders út Alphen aan den Rijn en dy sille it opstjoere.

Foto: Omrop Fryslân

It bysûndere tegelwurk wie in geskink fan Ard Schenk doe't yn 2009 it folsleine kafee ôfbaarnde. De plysje hat yntusken kontakt mei de dieven út Alphen aan den Rijn. Se moatte it weromstjoere, oars wurde sy dochs noch oppakt foar stellerij.

Tom Mulder die sneon in oprop op Facebook, hy pleatste in foto fan de dieven. It berjocht waard massaal dield. Nei in pear oeren wie dúdlik wa't it stellen hie.

It tegelwurk hat grutte emosjonele wearde foar Mulder. It is mei de hân skildere yn opdracht fan de famylje fan Ard en Keessie. Mulder ferwachtet it stik gau werom op It Hearrenfean.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)