Douwe de Vries seit ôf foar 10 kilometer: net fit troch longûntstekking

29 des 2019 - 10:36

Douwe de Vries hat him sneintemoarn ôfmeld foar de 10.000 meter op it NK ôfstannen op Thialf op It Hearrenfean. De reedrider fan Hallum, no wenjend op It Fean, hat in longûntstekking hân en joech earder oan dat dat de reden wie dat er dit wykein dêrom net optimaal prestearje koe.

Douwe de Vries (links) en Sven Kramer - Foto: Omrop Fryslân

De Vries waard sneon achtste op de 1500 meter en freed fiifde op de 5000 meter. Hy hat him dêrmei net pleatse kinnen foar it EK.

Ein jannewaris kin er noch in ticket foar it WK allround helje, mar dan moat er it NK allround winne. Ferline jier wûn Douwe de Vries dat.

Op Twitter lit er witte: "Ben niet voldoende hersteld van de longontsteking van vorige week. Ben afgelopen dagen heel diep gegaan waardoor het weer de verkeerde kant opgaat met de gezondheid."

Earder al hie Sven Kramer him ek ôfmeld foar de 10 kilometer dy't dizze snein op it programma stiet.

(advertinsje)
(advertinsje)