Wol kontrôles yn Aldehaske

De plysje sil de kommende tiid wer kontrolearje op te hurd riden yn Aldehaske en dêr ek boetes útdiele. Dat seit boargemaster Mary Looman fan Skarsterlân. De Jousterwei troch it doarp is offisjeel in 30 kilometer sône, mar neffens doarpsbelang ride in soad auto's en frachtauto's folle hurder troch it doarp.
De plysje liet doarpsbelang koartlyn wite 'gjin mooglikheden' te sjen om de snelheid fan 30 kilometer te hanthavenjen, omdat de Jousterwei der net útsjocht as in 30 kilometersône. Mar neffens boargemaster Looman wie dat 'in misferstân'.
Omdat de Jousterwei troch Aldehaske te boek stiet as in 'klachtelokaasje' sil de plysje dêr de kommende tiid geregeld kontrolearje en bekeurings útdiele. De Jousterwei troch Aldehaske hat yn de moarns- en jûnsspits in soad lest fan slûpferkear.