Frou rekket swierferwûne by fjochtpartij yn kroech yn Stynsgea

29 des 2019 - 09:48

By in fjochtpartij yn Stynsgea is sneontejûn in frou fan 39 jier út dat plak swierferwûne rekke. De fjochtpartij wie yn in kroech yn it doarp.

Foto: De Vries Media

Twa ambulânses en seis plysjeweinen wienen nei de kroech kommen. De oproppen traumahelikopter waard wer ôfsein. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Wat krekt bard is, moat noch út ûndersyk bliken dwaan.

De plysje hat in man fan 33 jier út Stynsgea oanhâlden. Hy wurdt heard. De plysje ferwachtet mear minsken oan te hâlden.

Trefwurden: 
plysje fjochtpartij Stynsgea
(advertinsje)
(advertinsje)