Boekekast #14: Hierbak fan Sietse de Vries

29 des 2019 - 09:30

Harkesto graach nei Fryske ferhalen? Dan hawwe wy goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze fjirtjinde Boekekast kinst harkje nei in fragmint út 'Hierbak' fan Sietse de Vries. Sietse de Vries lêst foar út syn eigen boek.

Yn 'Hierbak' komt Sjerp foar in drege kar te stean. Of trije kriminelen út de wei romje, of sels fermoarde wurde troch Piter, in man dy't te pas en te ûnpas yn syn hûs opdûkt. Kin Bak de krimineel Achmed Nochwat rêde troch him yn in âld arkje te ferstopjen, sûnder dat Piter dat yn 'e gaten kriget? En wat wol Loes, in âlde leafde dy't him wer opsiket, eins fan him?

Dizze ôflevering fan Boekekast is krekt as de oare ôfleveringen te beharkjen op Spotify.

Sietse de Vries

Sietse de Vries is sjoernalist en skriuwer. Hy skriuwt proaza en toanielteksten. Syn boek 'Bak' wie yn 2012 it Kadoboek yn de Moanne fan it Fryske Boek. 'Hierbak' is it twadde boek yn de rige oer sjoernalist Sjerp Bak.

De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechtjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcast-app en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.

(advertinsje)
(advertinsje)