Hâldt Wus de Walrus syn titel by it NK maskottereedriden?

29 des 2019 - 09:08

Net inkeld reedriders dogge dit wykein har stjonkende bêst yn Thialf op It Hearrenfean, it iis is ek it toaniel foar de maskottes. Op de slotdei fan it NK ôfstannen wurdt ek it twadde Iepen KPN NL maskottereedriden hâlden. Hâldt Wus de Walrus syn titel?

Foto: KNSB

By it earste Iepen NK ferline jier gienen 20 maskottes mei elkoar de striid oan yn in ôffalrace. Wus de Walrus waard doe nûmer ien.

Maskottes fan allerhanne klups, fan bistetunen oant fuotbalklups, koenen har yn it foar ynskriuwe foar dit kampioenskip.

De maskottes moatte op iishockeyredens in bochtich parkoers ôflizze yn heats mei fjouwer maskottes tagelyk. De winner fan elke heat giet troch nei de folgjende ronde.

Besjoch de wedstriid fan ferline jier:

Trefwurden: 
NK Thialf maskotte
(advertinsje)
(advertinsje)