Pauslike ûnderskieding foar Fryske koster: "Ik ben helemaal beduusd"

30 des 2019 - 14:49

Koster Cor Kuijpers fan Ljouwert hat in pauslike ûnderskieding krigen foar it wurk dat er foar de katolike tsjerke docht. De 78-jierrige Kuijpers is al sûnt syn 16e belutsen by de tsjerke. De pauslike ûnderskieding is de heechste ûnderskieding dy't in leek krije kin en wurdt troch de Paus sels goedkard.

Kuijpers wist fan neat doe't er sneontejûn de ûnderskieding krige. "Er gebeuren hier vreemde dingen. Zie maar wat ik hier opgespeld krijg! Ik ben er wel blij mee, maar ik ben helemaal beduusd."

Oan de ein fan de tsjinst rôp in oar lid fan de behearkommisje fan de tsjerke Kuijpers nei foaren om him de ûnderskieding op te spjeldzjen. Pas doe't er syn namme hearde, hie de koster it troch. Hy laket. "Ik dacht: ik moet hier weg! Maar ja, zoiets komt over je heen."

Cor Kuijpers

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Kuijpers wie al op syn achtste belutsen by de mis yn de tsjerke. Dêrnei wurke er by de V&D, dat doe noch in katolyk bolwurk wie. Doe't er koster waard, moast er faak it wurk achterlitte as er frege waard om in putsje yn de tsjerke te dwaan.

De pauslike ûnderskieding, de Pro Ecclesia et Pontifice, wurdt yn Nederlân eins net mear útjûn. Foaral yn Fryslân is de ûnderskieding sa goed as ûnmooglik noch te krijen. Dochs hawwe de pastoars en behearders fan de Dominicustsjerke it Bisdom Grins-Ljouwert sa fier krigen om in fersyk op te stjoeren nei Rome. Kuijpers wist dat it spjeldsje eins nea mear ferjûn wurdt, en dat makke de ferrassing allinne mar grutter.

(advertinsje)
(advertinsje)