Antoinette de Jong gûlt der oer: "Trije hûndertste docht wol sear"

28 des 2019 - 22:02

Dat Antoinette de Jong op de EK en WK ôfstannen net útkomt op har favorite 3000 meter, docht har sear. Hiel sear. "It EK is hjir, en dan sit ik aanst op de tribune. Ik sil mar net sizze wat ik dêr fan fyn." Se gûlt der oer.

De Jong miste it poadiumplak op trije hûndertste. "Dat docht wol sear. It is hiel frustrearjend omdat ik my hiel goed fielde. Ik smiet mei myn krêften, op de ferkearde manier. En dan siet ik der sa ticht by. Ik wie fiersten te hastich."

"It is te graach wolle. It is de rêst net fine. Mar ik fiel my sa goed, en dat wol ik sjen litte."

De Jong hat har wol kwalifisearre foar it WK allround, en dat is beslist gjin B-toernoai. Mar it EK en it WK ôfstannen binne de belangrykste wedstriden fan it seizoen, seit se. "It WK allround is hiel moai, mar ik mis twa hiele grutten, dêr't ik graach sjen litte woe wat ik koe."

Reina Anema

Reina Anema waard sechsde op de 3000 meter, op twa hûndertsten achter Ireen Wüst. Yn in rjochtstreeks duel seach it der even nei út dat se Wüst noch klopje soe, mar dat slagge net. "Se koe der krekt foar bliuwe. Jammer."

(advertinsje)
(advertinsje)