Ljouwerter plysje nimt mear as 3000 kilo fjoerwurk yn beslach

De plysje fan Ljouwert hat mear as 3000 kilo fjoerwurk yn beslach naam. It grutste part fan it fjoerwurk lei by in ferkeaper dy't it net op in goed plak opslein hie. Dat meldt de plysje.
© Flickr
Plysjes kamen de ferkeaper op it spoar neidat se moarns betiid fjouwer auto's kontrolearre hiene. Yn alle fjouwer auto's waard mear as de tastiene 25 kilo legaal fjoerwurk oantroffen. Yn totaal is hjir 450 kilo fjoerwurk yn beslach naam.
Dêrnei gong de plysje nei it bedriuw dat it fjoerwurk ferkocht oan de PJ Troelstrawei yn Ljouwert. Dêr die bliken dat 2700 kilo fjoerwurk net op in goed plak opslein wie. De plysje hat allinnich it fjoerwurk meinommen dat net goed opslein wie.