Sven Kramer giet nei hûs: Gjin 10 kilometer op NK ôfstannen

28 des 2019 - 20:30

Sven Kramer komt op de slotdei fan de NK ôfstannen yn Hearrenfean net mear yn aksje. De 33-jierrige reedrider hat him foar snein ôfmeld foar de 10 kilometer.

Kramer seit dat er him folslein rjochtsje wol op de EK ôfstannen. Dy wurde oer twa wiken yn Thialf ferriden.

Kramer pleatste him freed as twadde op de 5000 meter, achter Patrick Roest, foar de EK ôfstannen, en ek foar de WK ôfstannen yn Salt Lake City (heal febrewaris).

Op de 1500 meter (sânde) stelde er foaral himsels bot teloar. It wie wol genôch foar de kwalifikaasje foar de WK allround ein febrewaris yn Hamar. Dêrmei hat Kramer syn doel dit wykein foar eigen publyk berikt. Hy hat dit seizoen bot lêst fan de rêch.

"De 1500 meter wie min, benammen de iepening wie net bêst", sei Kramer nei ôfrin. "Dan binne je op dizze ôfstân fuortendaliks kânsleas foar in plak yn de top trije. Mar sa slim is it net. Ik ha helle wat ik helje woe."

Sven Kramer - Foto: www.orange-pictures.nl

Sjoch hjirûnder nei de earste reaksje fan Sven Kramer nei de 1500 meter. Doe wist er noch net dat er him ôfmelde soe foar de 10 kilometer.

(advertinsje)
(advertinsje)