Zuiverloon werom by It Fean

09 jul 2012 - 16:14
Zuiverloon

Gianni Zuiverloon komt werom by SC Hearrenfean. De 25-jierrige ferdigener spile fan 2006 oant 2008 ek al yn it Abe Lenstra stadion. Dernei ferhuze er nei West Bromwich Albion en Real Mallorca dat him noch altyd ûnder kontrakt hat. Yn Spanje komt er net mear oan spyljen ta en de klup hat him dêrom tastimming jûn om mei Hearrenfean te praten.

Zuiverloon wurdt helle as ferfanger fan Daryl Janmaat. Hearrenfean ûntkent de transfer net, mar wol der noch net offisjeel op reagearje.

(advertinsje)
(advertinsje)