Femke Kok út 'e skroeven mei medalje: "Myn wykein kin net mear stikken"

Femke Kok wie de ferrassing fan de 500 meter op it NK ôfstannen yn Thialf. De njoggentjinjierrige rydster fan it Gewest Fryslân pakte in brûnzen medalje efter winneres Jutta Leerdam en nûmer twa Letitia de Jong.
Kok hat har pleatst foar de WK ôfstannen, mar se wit noch net oft se dêr wol ride sil.
Femke Kok
Kok einige ferline jier as fiifde op de 500 meter, mar hie no gjin rekken hâlden mei in poadiumplak: "Nee, eins hielendal net. It kaam wol in bytsje as in ferrassing. Ik seach de iepening en doe tocht ik: 'Huh? Sa hurd ha ik noch noait iepene'. Genietsje doch ik wol, myn wykein kin net mear stikken."
Der is allinne ien probleem: de WK ôfstannen is in wike foar it WK foar junioaren. En offisjeel is Kok noch junior. Dy wedstriden wol se dan ek graach ride, want: "Ik bin no noch junior, dus moat ik der no noch fan genietsje. Dat kin oar jier net mear. Ik moat sjen oft de WK ôfstannen past tusken de junioarewedstriden. It WK foar junioaren is noch altyd it belangrykste doel. Oft it past, dêr ha ik noch net nei sjoen."
Snein rydt Kok ek noch de 1000 meter op de NK ôfstannen.

Blydskip by Letitia de Jong

Foar Kok, op it twadde plak, einige Letitia de Jong. Dat is itselde resultaat as se ferline jier helle. Se is dus wis fan in ticket foar de WK ôfstannen. "Ik bin hiel bliid dat ik der by sit. It is gjin geheim dat ik hjir as ien fan de favoriten oan de start stie. Ik koe yn sekere sin allinne mar ferlieze, mar gelokkich barde dat net."
Letitia de Jong
Trochdat De Jong ferline wike yn in trainingswedstriid har persoanlik rekôr ferbettere, waard der ekstra nei har sjoen. Ta de winst late dat net, se moast har meardere erkenne yn Jutta Leerdam. "Ik moat in supergoeie race ride om hjir te winnen, sa heech is it nivo. Spitigernôch ha ik net wûn, mar 37,9 is in prima rit op it goeie momint."
Snein komt De Jong noch yn aksje op de 1000 meter. Dan is der wer in ticket te fertsjinjen foar de WK ôfstannen, mar ek foar it WK sprint. "Der is hiel folle mooglik. Ik bin yn goeie foarm en it hiele seizoen stabyl oan it riden op de 1000 meter. Ik doch myn bêst en dan sjoch ik wol hoe fier't ik kom."

Regearjend kampioen Smit stelt teloar

Teloarstelling wie der by de regearjend Nederlânsk kampioen Janine Smit. Se einige as tsiende. "Dat is wel flink balen en teleurstellend. Het ligt aan mezelf, ik heb gewoon niet goed gereden. Klaar."
De rydster fan it Gewest Fryslân wit wêr't it misgie. De earste start wie falsk en by de twadde kaam se net goed fuort. "Ik had wat missertjes en voor de eerste bocht kwam ik vol op de punt. Dus ik heb de hele rit achter de feiten aan gelopen."
Janine Smit
Smit seach de 38,66 dy't se ried beslist net oankommen, om't har foarm just goed like. "Maar je weet nooit waar je vorm in resulteert. Het ging goed, vorige week reed ik 38,30 dus het ging echt weer de goede kant op." Allinne kaam dat sneon dus net ta utering. Snein rydt ek Smit noch de 1000 meter.