De Jong falt ek op 3000 meter bûten de boat, mar mei wol nei WK allround

Antoinette de Jong is njonken it poadium einige op de 3000 meter. De Rottumse waard ferline jier noch Nederlânsk kampioen op dy ôfstân, mar no kaam se te koart en einige as fjirde. Dêrtroch hat se har ek net pleatst foar it WK ôfstannen op de 3000 meter. Esmee Visser waard Nederlânsk kampioen, foar Irene Schouten en Carlijn Achtereekte.
© Orange Pictures
De Jong siet wol oergryslik ticht by it poadium: se wie mar trije hûndertsten stadiger as nûmer trije Achtereekte. Dêrefter foelen ek Ireen Wüst en Reina Anema bûten de boat wat de tickets foar de WK ôfstannen oanbelanget. Yn in moaie rit tusken Wüst en Anema like it der op dat beiden de earste tiid fan Schouten pakke soene. Anema knokte har hielendal werom yn de race, like Wüst te passearjen, mar Wüst hâlde op de finish twa hûndertsten oer op Anema. Se einigen op plak fiif en seis.

WK allround

It is net sa dat De Jong har hielendal nearne foar pleatst hat. Se is wol wis fan in ticket foar it WK allround yn Hamar. Dat hat se fertsjinne op basis fan in klassemint dat opmakke is oer de 1500 en de 3000 meter. Datselde jildt foar Wüst. It tredde WK allround-ticket is ein jannewaris te fertsjinjen by it Nederlânsk kampioenskip allround.

Utslach 3000 meter

1. Esmee Visser 4.01,29
2. Irene Schouten 4.01,80
3. Carlijn Achtereekte 4.02,20
4. Antoinette de Jong 4.02,23
5. Ireen Wüst 4.02,65
6. Reina Anema 4.02,67