Kramer en De Vries komme net yn 'e buert fan it poadium op 1500 meter

28 des 2019 - 16:49

Thomas Krol is mei in nij kampioenskipsrekôr Nederlânsk kampioen wurden op de 1500 meter. Hy sette in tiid del fan 1.43,86. Patrick Roest en Koen Verweij makken it poadium kompleet en meie harren yn prinsipe ek opmeitsje foar de WK ôfstannen. Sven Kramer en Douwe de Vries stelden teloar.

Sven Kramer - Foto: www.orange-pictures.nl

Kramer ried yn de lêste rit tsjin Roest en kaam mei 1.47,13 net fierder as de sânde tiid. De Vries ried al earder en waard yn 1.47,81 achtste. Hy is troch dizze 1500 meter wol wis fan it WK Allround yn Hamar ein febrewaris. De bêste twa oer in klassemint op de 5000 en 1500 meter binne dêrtroch wis.

Foar De Vries binne de druven soer: hy helle op de 5000 meter ek al gjin WK-ticket. Dat jildt wol foar Kramer, dy't op dy ôfstân twadde waard. Patrick Roest en Sven Kramer binne no wis fan it WK Allround. Op it NK Allround kin Douwe de Vries mooglik it tredde plak noch bemachtigje.

De tiid fan Krol wie in hiele rappe. Hy siet mar in heale sekonde boppe it baanrekôr op de 1500 meter, wylst de omstannichheden sneon swier wiene op Thialf. De luchtdruk wie heech en dus waarden der oer it algemien gjin hiele rappe tiden riden.

Tjerk de Boer einige yn 1.49,71 as fjirtjinde. Jur Veenje fan Garyp waard sechtjinde, mar yn in nij persoanlik rekôr: 1.49,91. Wrâldrekôrhâlder Kjeld Nuis wie net fit en die net mei.

Longûntstekking

Douwe de Vries sei nei ôfrin dat er siik west hie. "Dat komt min út. Ik ha der alles oan dien om wer fit te wurden, mar it wie gjin simpele ferkâldens. It wie longûntstekking, en dan moatte je oan de antibiotika."

Utslach 1500 meter:

1. Thomas Krol 1.43,86

2. Patrick Roest 1.44,78

3. Koen Verweij 1.45,89

4. Wesley Dijs 1.46,05 PR

5. Chris Huizinga 1.47,04

7. Sven Kramer 1.47,44

8. Douwe de Vries 1.47,81

14. Tjerk de Boer 1.49,71

16. Jur Veenje 1.49,91 PR

(advertinsje)
(advertinsje)