Femke Kok ferrast mei brûns op 500 meter, achter De Jong en Leerdam

28 des 2019 - 16:06

Jutta Leerdam is Nederlânsk kampioene wurden op de 500 meter. Se wûn mei in tiid fan 37,75. Letitia de Jong fan Feanwâlden waard twadde mei 37,93. Femke Kok fan Nij Beets wie de ferrassing op de 500 meter. Mei in nij persoanlik rekôr pakte se in brûnzen medalje. Dêrom mei se meidwaan oan it WK ôfstannen yn Salt Lake City.

Femke Kok - Foto: www.orange-pictures.nl

Letitia de Jong is ek wis fan de WK ôfstannen. De kans dat De Jong en Kok meidwaan meie oan de Europeeske kampioenskippen ôfstannen yn in Thialf-stadion is ek grut. Se binne dêrfoar noch wol ôfhinklik fan de oare ôfstannen. In saneamde matriks bepaalt wa't meidwaan mei. Dat binne der maksimaal tsien.

De grutte teloarstelling op de 500 meter wie Janine Smit fan It Hearrenfean. Ferline jier waard se Nederlânsk kampioene, mar no kaam se net fierder as it tsiende plak mei 38,66. Michelle de Jong foel ek ôf. Se waard sânde.

Femke Kok hie yn it foar net tocht dat se in startbewiis foar it wrâldkampioenskip krije soe. "It is in senioaretoernoai, en it WK junioaren is myn belangrykste doel. Mar myn wykein kin net mear stikken!"

Utslach 500 meter

1. Jutta Leerdam 37,75 PR

2. Letitia de Jong 37,93

3. Femke Kok 38,14 PR

4. Femke Beuling 38,23 PR

5. Sanneke de Neeling 38,36

7. Michelle de Jong 38,63

8. Anice Das 38,64

9. Helga Drost 38,64

10. Janine Smit 38,66

13. Marrit Fledderus 39,17

15. Moniek Klijnstra 39,34

(advertinsje)
(advertinsje)