De Alvestêdetocht op in wetterfyts? "Dat moat yn 40 oeren kinne"

In groep freonen wol de Alvestêdetocht dwaan op in wetterfyts, mei twa kear fjouwer fytsers en in bestjoerder. Se neame harsels Team Wybe.
De finishbôge Bonkefeart © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Team Wybe is in groep freonen en bekenden fan Wybe Leenstra en syn frou Wieke Fekkes. Wybe is oan kanker ferstoarn.
Foarich jier hat Team Wybe de Alvestêdefytstocht fytst op in spesjale bierfyts. Dêrmei ha se mar leafst 33.500 euro ophelle foar de Maarten van der Weijden Foundation.
© Team Wybe Facebook
"By de evaluaasje hienen we it deroer dat we sa'n moai wykein hân ha", fertelt Douwe de Vries. "We betochten dat we wol wer wat dwaan wolle, mar dan wol wat dat noch net earder dien is. Doe kamen we op de wetterfyts út."
Dat plan is al serieus útwurke. Hylke Zijlstra fan Koudum hat in ûntwerptekening makke en Hessel Fekkes sil de wetterfyts bouwe. "It materiaal is der, mar we sykje noch trapstellen, en it soe moai wêze as in fytsfabrikant dat sponsorje wol."
Se ha harsels as doel steld om de tocht binnen 40 oeren te dwaan "Mei de bierfyts hienen we berekkene 27 oeren nedich te hawwen, mar doe rûnen we twa oeren foar op skema."
De planning is om it pinksterwykein fan 21 o/m 23 maaie 2021 de tocht te dwaan.