Kommandant Stallmann ferlit Ljouwerter fleanbasis

De nije kommandat fan de fleanbasis is kolonel Henk Doorten. Kommandant Arnoud Stallmann nimt nei hast twa-en-in-heal hier ôfskied, en wurdt plakferfangend direkteur operaasjes op it ministearje fan Definsje yn Den Haag.
© Omrop Fryslân
De nije kommandant Doorten hat syn roots op de eardere fleanbasis Twenthe en Volkel.
De oerstap komt op in opfallend momint. De Ljouwerter fleanbasis sit midden yn de oergong fan de F-16 nei de F-35. Ek wurdt hurd wurke oan de komst fan ûnbemande fleantugen, de MQ-9 Reaper.
Stallmann giet earder fuort as ferwachte. Meastentiids sit in kommandant fan in basis trije jier op in posysje.