Winsto de Fryske top 100 oaljekoekebakkersbokaal?

31 des 2019 - 06:54

Omrop Fryslân siket op Aldjiersdei nei de alderlekkerste thúsbakte oaljekoek fan Fryslân. Bisto sa'n thúsbakker? Kom dan mei dyn meast slagge produkt nei de Omrop en doch mei oan de oaljekoekkompetysje. Dyjinge dy't de lekkerste oaljekoek bringt, kriget oan 'e ein fan de dei de 'Fryske top 100 oaljekoekbakkersbokaal'.

Hoe wurket it?

Bring op âldjiersdei tusken 9.00 en 17.00 oere dyn eigenbakte oaljekoek nei it Mediakafee fan Omrop Fryslân. Yn de útstjoering fan de Fryske top 100 sil dyn produkt beoardiele wurde troch de sjuery. Elk sjuerylid jout in sifer, en it gemiddelde dêrfan wurdt dyn einresultaat. Dat hâlde we de hiele dei by. Oan 'e ein fan de dei meitsje we bekend wa't de lekkerste oaljekoek fan Fryslân bakt hat. En dy mei dan de earste Fryske top 100 oaljekoekbakkersbokaal mei nei hûs nimme.

It Mediakafee fan Omrop Fryslân fynsto oan de Zuiderkruisweg 2 yn Ljouwert. Minsken binne op tiisdei 31 desimber wolkom tusken 9.00 en 17.00 oere.

Wa sitte yn de sjuery?

De presintatoaren fan de Fryske top 100 foarmje de sjuery yn oparbeidzjen mei in sjueryfoarsitter. Moarns fan 9.00 oant 12.00 oere is dat Hidde Jonker, hy wie yn 2016 kandidaat yn 'Heel Holland Bakt' en is noch altyd entûsjast thúsbakker. Tusken 12.00 en 15.00 oere is Reitse Spanninga de sjueryfoarsitter en fan 15.00 oant 18.00 is dat Piet Paulusma.

Mei ik ek sûnder oaljekoek delkomme?

Fansels! Elkenien is wolkom om de Fryske top 100 yn it Mediakafee fan Omrop Fryslân by te wenjen. Sterker noch, dat fine we allinnich mar gesellich. Der komme in hiel soad gasten del om werom te sjen op it jier 2019, en fansels draaie we de aldermoaiste Fryske muzyk. It wurdt dus in hiel smûk en sfearfol âldjiersprogramma!

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)